Drankrider botst tsjin peal

29 jun 2013 - 14:18

In Jouster drankrider hat freedtenacht syn eigen auto de fernieling yn riden. De 32-jierrige man rekke op de Haskerfjildwei de macht oer it stjoer kwyt en botste tsjin in lantearnepeal. De auto rûn in soad skea op en koe net fierder ride. De man naaide rinnend út.

De plysje hold de man letter oan yn syn wenning. Hy krige in proses-ferbaal en moast syn rydbewiis ynleverje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)