Drankrider botst op 3 auto's

13 sep 2014 - 14:10
  • (foto-ympresje)

De plysje yn Snits hat freedtenacht in 19-jierrige man oanhâlden dy't derfan fertocht wurdt dat er mei drank op riden hat en dêrby tsjin trije auto's botst is. Dy hiene allegearre grutte skea. De ynsittenden fan de auto dy't de botsing feroarsake, naaiden út.

Letter melde de soan fan de eigener fan de auto him by de plysje mei de meidieling dat de auto stellen wie. De plysje leaude de man net en liet him blaze. Dêr die út bliken dat er drank op hie. De man is oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)