Drankkontrôle by Stiens

25 feb 2013 - 10:24

By in drankkontrôle yn en by Stiens is sneintejûn in Stienzer fan 32 jier trapearre. De man moast blaze en dêr die út bliken dat er fierste folle alkohol dronken hie. Hy moast it rydbewiis ynleverje by de plysje en tsjin him is proses-ferbaal opmakke.

De plysje kontrolearre mei-inoar 25 autobestjoerders. Ien automobilist krige in boete omdat er de autogordel net om hie. De kontrôle wie sneintejûn tusken seis en njoggen oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)