'Drankkontrôle moat better'

13 jul 2014 - 14:51

Fryske gemeenten dogge kwalik wat tsjin kafees en winkels dy't alkohol ferkeapje oan jongerein ûnder de 18 jier. Dat seoit foarsitter Corné van de Erve fan de Fryske ôfdieling fan it Hoarekabûn. Neffens him prate mar twa gemeenten yn Fryslân echt serieus oer de kontrôle. De rest docht dat net, en dat wylst gemeenten de opdracht fan it ryk krigen hawwe om op 1 july in hânhaveningsplan klear te hawwen.

Ut NOS-ûndersyk docht bliken it probleem rûnom spilet. Yn hiel Nederlân hawwe gemeenten de kontrôle net foarinoar.

It kabinet wol dit neijier ûndersyk dwaan litte nei de drankferkeap troch hoareka en winkels oan jeugd ûnder de achttjin jier. De Fryske foarsitter fan it hoarekabûn is bliid mei dat ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)