Drank stellen by ynbraak

08 jul 2006 - 17:33

Ut in winkel oan de Keppelstrjitte yn Dokkum is sneontemoarn tsjin healwei fjouweren sterke drank stellen. Tsjûgen seagen dat in man in rút ynsloech en flessen meinaam. Ienkear by de winkel koe de plysje de man net fine. Hy soe noch wol by de Mûnestege en de Wâldpoarte sjoen wêze.

Neffens tsjûgen giet it om in man fan om en de by 25 jier mei donkerblond krolhier. Hy hie in wyt t-shirt en in blauwe broek oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)