Drank min te keap foar jeugd

03 okt 2012 - 17:03
  • Hoareka

Jongerein ûnder de 16 jier kinne yn Ferwerderadiel dreger oan alkohol komme. Dat blykt út ûndersyk. Foarich jier koe mear as 90 prosint fan 'e jeugd drank keapje by bygelyks de supermerk, de snackbar of yn 'e feesttine. Ut nij ûndersyk blykt dat no noch mar de helte fan de jongeren ûnder de 16 jier oan alkohol komme kin. Der hat in gearkomste west mei alle partijen dy't alkohol ferkeapje en de gemeente hat sein strang te kontrolearjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)