Drank keapje maklik foar bern

09 des 2011 - 09:39

It is foar bern ûnder de 16 net dreech om yn Ferwerderadiel oan alkohol te kommen. Dat blykt út in ûndersyk fan in advysburo. Dat hat bern fan 14 nei winkels, kroegen en sportkantines stjoerd, mei de opdracht te besykjen alkohol te keapjen. Yn 34 fan de 37 gefallen krigen de bern de drank samar mei. Se hoegden hast nea har legitimaasjebewiis sjen te litten. In pear kear barde dat wol, mar krigen se de drank likegoed mei. De gemeente is skrokken fan de útkomsten en wol sa gau mooglik mei belutsen partijen om 'e tafel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)