Drank en drugs yn it ferkear

13 jan 2013 - 14:16
  • Drank

De plysje hat sneontenacht yn Fryslân trije automobilisten betrape op it riden ûnder ynfloed fan drugs of alkohol. Yn Harns op de Willemskade ried in 40-jierrige man út Folsgeare tsjin in peal. By in blaastest die bliken dat er tefolle dronken hie. Op it Switserswâltsje yn Ljouwert waard dy nacht in automobilist út Grou kontrolearre. Plysjes hiene sjoen dat de man drugs brûkt hie yn syn auto. Op it plysjeburo waard in bloedproef ôfnommen. Sneintemoarn betiid feroarsake in 21-jierrige man út Snits in oanriding op de A7 by It Hearrenfean.

Hy hie te folle dronken, sa wiisde in blaastest út. Fan de trije waard it rydbewiis ynnommen en se krigen in proses-ferbaal. It CBR sil sjen oft se ek yn oanmerking komme foar in alkoholslot.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)