Dragraces yn Drachten

16 jun 2006 - 18:49

De dragrace-baan yn Drachten is ien fan de bêste banen fan Europa. Dat seit organisator Theo Willemse fan it iepen kampioenskip dragrace dat freed begûn is yn Drachten.

Nederlân hat net in echte eigen racebaan, dêrom wurdt de airstrip yn Drachten omboud foar de dragracesport. By de dragrace moatte twa foertugen, motors of auto's, om it fluchst in ôfstân fan 400 meter ôflizze. De dragraces binne noch it hiele wykein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)