Dragrace: sels himmeljen betelje

02 aug 2006 - 10:19

Der is ûndúdlikens oer wa't de kosten fan it skjinmeitsjen fan de airstrip yn Drachten betelje moat, nei't der in dragrace west hat. Nei de races bliuwe der rubberspoaren stean en dat kin gefaarlik wêze foar de fleantugen. De baan kin te glêd wurde.

De gemeente Smellingerlân nimt dizze kear de 50.000 euro himmelkosten noch foar eigen rekken. Yn de takomst moat de organisaasje fan de dragraces dat sels dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)