Dragrace 'blaast' wetter fuort

26 aug 2011 - 12:30
  • Foto: Dirk Baron, Omrop Fryslân

De organisaasje fan de ynternasjonale dragraces dy't sneon en snein yn Drachten hâlden wurde, nimt maatregels om foar te kommen dat troch de rein de wedstriden net trochgean kinne. De opfallendste maatregel is in masine mei dêryn in fleantúchmotor. Dy kin wetter fan de baan ôf blaze. Dêrneist binne op it terrein in soad izeren platen dellein.

Mear as twahûndert teams dogge mei yn Drachten. De dielnimmers ride in stik om it hurdst út stilstân wei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)