Drafsintrum Wolvegea faai

02 mrt 2007 - 12:52
  • de takomst fan de drafbaan is ûnwis

It drafsintrum yn Wolvegea stiet faai. Dat komt om't it ministearje fan justysje de televyzje-útsjoerings fan SBS6 op it drafsintrum ferbean hat. SBS6 woe fia ynternet en gsm op de wedstriden wedzje litte.

It ministearje wol net dat der reklame foar gokken makke wurdt. Ek soene de útstjoerings net foldwaan oan de wedfergunning. Dy stelt dat 70 prosint fan de ynkomsten weromkomme moatte yn de hynstesport.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)