Drafbaan Wolvegea net ûntromje

24 feb 2010 - 13:52

De drafbaan fan Wolvegea hoecht foarearst net leech helle te wurden. Dat seit de rjochtbank yn Ljouwert.

De kurator dy't him dwaande hâldt mei it fallisemint fan de eigner fan de drafbaan woe dat de hierder de drafbaan ûntromme. Ek soe de hierder achterstallige betellings dwaan moatte. De rjochtbank hat bepaald dat de hierder dat foarearst net hoecht te dwaan. Neffens de rjochtbank moat der earst fierder ûndersyk dien wurde nei it fallisemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)