Drafbaan Wolvegea draait goed

12 feb 2011 - 13:20

It giet finansjeel boppe ferwachting mei drafbaan Victoria Park yn Wolvegea. Sûnt ferline jier septimber is der in gearwurking mei it Frânske drafsportbûn en dat smyt in soad jild op. Yn de Frânske wedkafees wurde de wedstriden yn Wolvegea no live útstjoerd en de Frânsen gokke in soad. In part fan dy opbringsten giet nei Victoria Park.

Earder gie de baan yn Wolvegea twa kear fallyt en drige sels te ferdwinen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)