'Drafbaan fallyt troch NDR'

06 mrt 2010 - 12:59

It fallisemint fan 'e drafbaan yn Wolvegea wurdt feroarsake troch feroarings by de Nederlânske Draf- en Rensport, seit kurator Brink. De koepelorganisaasje NDR slûst noch mar amper jild út weddenskippen troch nei Wolvegea en dat kostet ynkomsten.

Dizze wike is it fallisemint foar de hierder fan 'e baan oanfrege. De eigner fan it terrein en de gebouwen wie al earder fallyt ferklearre. As der gjin keaper komt, wurdt de baan noch foar maaie ferkocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)