'Drafbaan Drachten moat werom'

06 des 2005 - 15:45

Der moat opnij in drafbaan komme yn Drachten. Allinne dan kin Drachten meikomme mei de ûntwikkelings yn ûnder oaren Hearrenfean en Ljouwert. Dat seit foarsitter Barend Potjer fan de winkeliersferiening fan Drachten. It nije drafsintrum soe neist it nije fleanfjild oan de A7 komme moatte.

Yn 1997 ferdwûn de drafbaan út it doarp om't de gemeente de grûn brûke woe foar nijbou. Dêrmei is neffens Potjer in publykslûker foar Drachten ferdwûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)