Drachtsterwei wer frijjûn nei ûngelok mei frachtwein

06 jan 2016 - 09:50
  • Troch in ûngelok is de Drachtsterwei ôfsletten

De gemeente Ljouwert hat de Drachtsterwei wer frijjûn. De Drachtsterwei wie ôfsletten troch in ûngelok. In frachtwein kaam de helling net op en stie stil. Twa auto's klapten der boppe-op. Ek stie der in frachtwein dwers oer de dyk. De dyk wie in skoftke ticht en de gemeente Ljouwert hat doe yn sân haasten in struiwein dy kant op stjoerd.

De gemeente warskôget dat it ek op de Heak om Ljouwert sjippeglêd is.

Op de A32 by Haskerdiken is ek in frachtwein kantele. De A7 en de A32 binne sjippeglêd troch izel en delslach, wêrtroch der meardere ûngelokken barre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)