Drachtsterwei ticht om ûngelok

17 aug 2013 - 18:18

De Drachtsterwei rjochting Ljouwert hat sneontemiddei om seis oere hinne in skoft ôfsletten west fanwege in ûngelok. By in kop-sturt-botsing rieden fjouwer auto's op elkoar. It ûngelok is feroarsake troch de sjauffeur fan in betselbuske dat by de ferkearsljochten op in stilsteande auto botste. Ien persoan is op it plak fan it ûngelok behannele, fierder rekken gjin minsken ferwûne. De auto's moasten fuortsleept wurde. De dyk is koart nei sânen wer frijjûn foar alle ferkear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)