Drachtsterwei ôfsletten oant sneon fanwege fersakking

22 maaie 2015 - 15:06
  • De Drachtsterbrêge
  • Flak njonken de brêge wurdt in damwand slein; de oarsaak fan de fersakking
  • Meiwurkers fan Heijmans hâlde de fersakking goed yn 'e gaten

De Drachtsterwei wurdt freedtemiddei ôfsletten foar al it autoferkear fanwege de fersakking dy't yn de dyk ûntstien is troch it wurk oan it akwadukt. Dat hawwe gemeente, provinsje en oannimmer Heijmans freedtemiddei besletten. As earste wurde fan trije oere middeis ôf de rydstroken nei Ljouwert ta ôfsletten. Letter wurde ek de rydstroken de stêd út ôfsletten. Hoe let oftdat krekt bart, hinget ôf fan de drokte en de kûle yn de dyk.

De fersakking wurdt kontinu yn de gaten hâlden. It doel is dat de dyk sneon wer iepengiet foar it ferkear.

Oannimmer Heijmans sil freedtejûn en freedtenacht it wurk oan de daamwanden fan de akwadukt safolle mooglik ôfmeitsje. Oanslutend wurdt de fersakking yn de Drachtsterwei wersteld. As dat slagget, giet de Drachtsterwei yn de rin fan sneontemoarn wer iepen foar it ferkear.

It ferkear wurdt freedtejûn en freedtenacht omlaat oer de Oeriselskeleane, mar hie freed yn de jûnsspits in soad lêst fan de ôfsluting.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)