Drachtsters winne ODV Bosloop

11 maaie 2002 - 00:00

De ODV Bosloop yn Wynjewâlde is sneon wûn troch Issa Mussa. De Drachtster die 34.30 minuten oer de tsien kilometer. Twadde en tredde waarden Gerrit Visser fan Wâlterswâlde en Ronald van der Laak út Aduard.

De fluchste frou komt ek út Drachten: Willemien Zandberg. Kollumse Tiny Wouda waard twadde. Maaike Hornstra fan Jellum rûn de beste tiid op de 5,7 km.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)