Drachtsters tsjinje klacht yn oer oerlêst Liudger

17 mrt 2015 - 12:07
  • Rudolf van der Berg en Jan Veldhuis hawwe in klacht yntsjinne
  • Protestspandoek tsjin de oerlêst fan Liudger

Bewenners fan de Raai yn Drachten hawwe al moannenlang bot lêst fan de nije yngong fan skoalmienskip Liudger. Dêrtroch is it folle drokker op strjitte. Dosinten fan de skoalle parkeare de auto's no op de Raai, wylst dy earder op in parkearterrein oan de oare kant fan de skoalle stiene. Learlingen smoke by bewenners foar de doar en romje har smoargens lang net altyd op.

De nije yngong is al langer in striidpunt. Buertbewenners hawwe no in klacht yntsjinne by de gemeente Smellingerlân. De ried sil him no oer de kwestje bûge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)