Drachtsters stelle út boaten

31 jan 2013 - 16:50
  • Oanhâlden

De plysje hat tongersdeitemoarn op It Hearrenfean twa manlju oppakt fanwege stellerij út boaten. De plysje wie ynskeakele troch in befeiligingsmeiwurker, dy't fûn dat de twa har fertocht gedroegen. Doe't de plysje oankaam, hiene de twa ferskate wettersportartikels by har. Omdat it fermoeden bestie dat dy út boaten út de jachthaven yn 'e buert kamen, binne de manlju oanhâlden. It giet om in 25-jierrige Drachtster en in 23-jierrige man sûnder fêst wenplak. Har auto en de wettersportartikels binne yn beslach naam.

Yntusken hat in tal boateigners oanjefte dien fan stellerij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)