Drachtsters oppakt yn Delfsyl

06 maaie 2014 - 16:50

Fjouwer Drachtsters binne yn de nacht fan moandei op tiisdei oppakt foar bedriging en mishanneling yn Delfsyl. De plysje krige in melding dat op in man mei in fjoerwapen bedrige en mishannele waard. Dêrnei kaam in meldign dat deselde groep belutsen wie by in fjochtpartij.

Doe't de plysje arrivearre, wienen alle fertochten útnaaid. Nei in sykaksje hat de plysje twa auto's oantroffen, yn de iene sieten de fjouwer Drachtsters fan 52, 36, 31 en 13 jier. Yn de oare sieten min man út Delfsyl en in frou út Appingedam. Se binne allegear oanhâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)