Drachtsters oppakt foar drugs

11 jun 2009 - 10:38

De plysje hat twa manlju út Drachten fan 18 en 21 jier oppakt, omdat se drugs by har hiene. Nei in melding dat de twa har lestich gedroegen, trof de plysje de âldste Drachtster bûten westen oan. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

De oare fertochte wie útnaaid, mar koe eefkes letter oanholden wurde. De plysje fûn twa fleskes GHB by him. De Drachtster ferklearre dat syn plakgenoat GHB en bier hân hie. Beide manlju sitte fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)