Drachtsters oppakt foar brân

19 jul 2011 - 10:20

De plysje fan Drachten hat twa manlju fan 18 en 20 oanhâlden dy't fertocht wurde fan belutsenheid by meardere brannen. Der is de lêste tiid geregeld brân yn Drachten. Yn ferbân dêrmei waard ferline wike ek al in man oanhâlden en yntusken foar twa wiken fêstset.

De twa oare fertochten binne moandei oppakt en wurde dizze wike foarlaat oan de rjochter-kommissaris. De plysje slút net út dat der noch mear minsken oanhâlden wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)