Drachtsters oppakt foar bedriging plakgenoat

09 nov 2014 - 11:45

Twa manlju fan 28 en 30 jier út Drachten binne sneontenacht oppakt foar it bedriigjen fan in oare Drachtster. It duo hat al langere tiid in konflikt mei de man. Yn in hûs oan de Hooizolder bedrigen se him en naaiden dêrnei út.

It 34-jierrige slachtoffer warskôge de plysje. Dy hat it twatal oanhâlden doe't plysjes harren tsjinkaam ûnderweis nei it hûs. De manlju sitte fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)