Drachtsters mei elkoar op de fûst

31 maaie 2015 - 10:38

Yn Drachten hat sneontenacht in fjochtpartij oan de Berglaan west. Twa Drachtsters hienen spul mei elkoar krigen. Doe't de plysje de 42-jierrige fertochte oanhâlde woe, fersette er him bot en besocht er ien fan de plysjes te slaan. De man is fêstset foar fierder ûndersyk. Neffens de plysje leit de oarsaak fan de fjochtpartij yn de relasjonele sfear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)