Drachtsterkompenije ynvestearret 65.000 euro yn winkel

10 aug 2015 - 19:01
  • De doarpssupermerk fan Drachtsterkompenije
  • it ynterieur fan de doarpswinkel

In crowdfundingaksje ûnder ynwenners fan Drachtsterkompenije en omkriten foar de supermerk yn it doarp hat mar leafst 65.000 euro opbrocht. Mei dizze finansjele basis wurdt it folle makliker foar Kerstin en Cor van Kammen fan de Helianthus Zathe om de winkel oer te nimmen.

De hjoeddeiske winkellju Bouke en Grietje Haverkamp sille letter dit jier ophâlde en de winkel ferkeapje. Tagelyk woene se graach de winkel foar it doarp behâlde. Haverkamp hat sels de nije ûndernimmers fan de Heliantus Zathe benadere om de winkel oer te nimmen.

Tanksij de slagge crowdfundingaksje, dy't ek stipe waard troch doarpsbelang, liket dat no te slagjen. De nije ûndernimmers hawwe flakby it doarp in soarchbuorkerij mei deibesteging. Sy binne fan doel om de doarpswinkel mei help fan harren meiwurkers en deibestegingsklanten te runnen. De winkel sil wol wat oanpast wurde. It assortemint sil útwreide wurde mei biologyske- en streekprodukten. Ek wurdt it yn 'e takomst mooglik om in bakje kofje te drinken op it terras foar de winkel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)