Drachtsterfeartprojekt akkoart

19 maaie 2004 - 00:00

De Steatsrie is yn grutte halen akkoart gien mei it bestimmingsplan fan it Drachtsterfeartprojekt fan de gemeente Smellingerlân. Ferskate omwenners hiene in berop yntsjinne tsjin it plan. De bou fan sa'n 900 wenten en in lûdswâl kin no sa goed as wis trochgean.

Yn '96 presintearre de gemeente de prestisjeuze plannen foar it projekt. It plan kostet sa'n 180 miljoen euro. De Drachtsterfeart wurdt trochlutsen nei it sintrum fan Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)