Drachtsterfeart earder klear as tocht

16 feb 2015 - 17:39

Nei alle gedachten is it Drachtsterfeart-projekt yn oktober of novimber fan dit jier al klear. Dat is rapper as ferwachte, want de planning jout mids 2016 oan. Freed sil nei alle ferwachting yn in grut part fan de Drachtsterfeart al wetter komme. Neffens projektlieder Henk Ypma fan oannimmer Van der Wiel koe it wurk ek sa rap gean troch it goede waar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)