Drachtsterbrêge wer klear

13 feb 2008 - 15:01
  • it ferkear koe net fierder
  • fytsers dûkten ûnder de slachbomen troch

De Drachtsterbrêge by Ljouwert hat woansdeitemiddei in skoft stremd west. De brêge woe net goed ticht troch in technyske steuring. Dat soarge foar in lange file en gaoatyske taferielen op de drokke tagongswei fan de haadstêd. Allinnich fytsers koenen der mei wat muoite noch lâns.

Nei sa'n twa oeren hie in monteur de problemen oplost en koenen de auto's wer fierder ride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)