Drachtsterbrêge takomme wike nachts ôfsletten foar skippen

22 jan 2016 - 21:41

It skipfeartferkear moat de kommende tiid rekken hâlde mei slutingen fan it Van Harinxmakanaal. It kanaal sil in oantal nachten ôfsletten wurde ta hichte fan de Drachtsterbrêge yn Ljouwert. Dit hat te krijen mei de oanlis fan it nije akwadukt dêr.

Yn de wike fan 25 oant 28 jannewaris sil it kanaal alle nachten ticht wêze foar it skipferkear. De ôfsluting rint fan 8 oere jûns oant 6 oere de folgjende moarn. Fan tongersdeitemoarn 28 jannewaris ôf is it stik wetter wer frij tagonklik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)