Drachtsterbrêge bliuwt stykjen

10 jun 2004 - 00:00

Tongersdeitemoarn hat de Drachtsterbrêge yn Ljouwert der in skoftke útlein. De brêgewachter hie de brêge iependien foar in skip. Doe't er him wer nei ûnderen gean litte woe, bleau de brêge stykjen.

De technyske tsjinst fan de provinsje moast der oan te pas komme om de brêge wer ticht te krijen. It measte ferkear socht salang in oar paad om yn of út de stêd te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)