Drachtster ynbrekker oppakt

11 aug 2011 - 10:10

In Drachtster (21) is woansdei oanhâlden troch in wachtmaster fan de maresjesee om't hy ynbruts yn in wenning oan de Lavermanstrjitte. De maresjesee hie by de wente in rútsje iepen stean sjoen. Hy wist dat de bewenners op fakânsje wiene en fertroude it net. Dêrom warskôge hy de plysje. Doe't dy oankaam fûnen se twa manlju yn it gers. De ynbrekker wie oanhâlden troch de maresjesee.

Yn it gers leine ek twa tassen mei guod út de wente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)