Drachtster yn hals stutsen

14 okt 2007 - 15:35

In 25-jierrige man út Drachten is sneontemoarn ferwûne rekke nei in stek yn de hals. Hy wie belutsen by in fjochtpartij op de Noardkade yn syn wenplak. Dêrby hat er in slim bliedende ferwûning oan de hals oprûn.

Hy is oerbrocht nei it sikehûs yn Drachten. Op oanwizing fan tsjûgen waard in 29-jierrige man út Lelystêd oanholden. Letter die bliken dat er de dieder net wie. De plysje is no op syk nei dejinge dy't wol stutsen hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)