Drachtster wyk tsjin opfang

19 mrt 2012 - 14:52
  • Himsterhout, Drachten

Ynwenners fan de Drachtster wyk Himsterhout fine dat Smellingerlân net harket. De gemeente wol yn de wyk in gebou foar berne-opfang. De buertbewenners binne dêrop tsjin. It soe te grut wwurde en dat kin foar ferkearsproblemen soargje. De klachten binne al ferskate kearen by de gemeente kenber makke, mar der wurdt neffens de buertbewenners net serieus op yngien.

Wethâlder Ketelaar seit by langrinnende projekten op koarte net altyd dúdlikens jaan te kinnen. Oer in pear wike kin se mear sizze. Ketelaar hekent har net yn wat de bewenners fine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)