Drachtster twatal delstutsen yn harren wenplak

03 sep 2015 - 11:46
  • Yn de Nachtegaalstrjitte yn Drachten binne woansdeitenacht twa mannen delstutsen

Twa manlju binne woansdeitenacht delstutsen yn Drachten. It giet om in 23-jierrige Drachtster en in man fan 45 jier. De plysje krige in melding dat der in ferwûne man op strjitte lei. Plysjes troffen it slachtoffer oan op it binnenplak fan in flat oan de Nachtegaalstraat. Hy wie meardere kearen stutsen mei in mes.

Yntusken wie der by de meldkeamer noch in melding binnenkaam dat der yn in wenning yn de Nachtegaalstraat noch in ferwûne man lei. Hjir waard de 45-jierrige man oantroffen.

Beide slachtoffers binne nei it sikehûs brocht.

De man fan 45 is nei behanneling yn it sikehûs oanholden. Hy sit fêst. It oare slachtoffer sil ek oanholden wurde. It is net dúdlik wat der krekt bard is. De plysje hat in mes yn beslach naam. Forensyske resjersjeurs dogge ûndersyk yn de wenning.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)