Drachtster tunnel opknapt

07 jan 2007 - 13:00

De tunnel oan de Hooizolder yn de Drachtster wyk De_Trisken is opknapt. It tunneltsje wurdt tiisdei oer in wike feestlik iepene. Dan wurdt ek de nije namme fan de tunnel bekendmakke. Buertbewenners mochten dêr ideeën foar ynleverje.

In soad passanten fûnen de tunnel griis, tsjuster, ûnfeilich en net moai. In grafitti-keunstner hat de muorren ûnder hannen nommen en de tunnel is no in stik fleuriger.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)