Drachtster tipt plysje

22 sep 2014 - 10:44
  • Argyffoto

De plysje hat nei oanlieding fan in tip fan in 60-jierrige Drachtster in dief út Grins oanhâlde kinnen foar stellerij fan ark út in kontener. De tsjûge seach hoe't de 27-jierrige man yn de nacht fan sneon op snein in kontener iepenbruts en it ridskip meinaam. De Drachtster notearre it kenteken fan de auto, wêrnei't de plysje de dief efkes letter oanhâlde koe.

Yn syn hûs fûn de plysje in seachmasine, in laser, in seachtafel en in sirkelseage. De Grinzer sit fêst op it buro foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)