Drachtster stutsen yn disko

01 feb 2009 - 17:43

In 24-jierrige Drachtster is yn 'e nacht fan sneon op snein yn in diskoteek yn it Grinslanner Mearum ferwûne rekke. Hy waard mei in skerp ding yn it gesicht en yn 'e hals stutsen. De jongeman is nei it sikehûs brocht.

De plysje hat al tsjûgeferklearrings opnaam. Fierders binne de nammen fan alle besikers opskreaun dy't út 'e disko weikamen. Der wurde ek noch bewakingsbylden by it ûndersyk brûkt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)