Drachtster stutsen mei mes

29 jan 2014 - 10:45

In 26-jierrige man út Drachten is tiisdeitejûn mei in mes stutsen doe't er besocht om fjochtsjende mannen op de Noardkade útelkoar te heljen. De man wie yn in kroech oan it wurk doe't er op strjitte seach hoe't in oantal manlju in oare man ynelkoar sloegen.

Tegearre mei in kollega slagge it him om de fjochtersbazen ú elkoar te heljen. De 26-jierrige Drachtster seach dat ien fan de manlju in mes yn hannen hie. Pas letter ûntduts er dat er sels ferwûne rekke wie by syn ljisk. It slachtoffer is nei it sikehûs gong, dêr't de wûne hechte is.

De plysje docht fierder ûndersyk nei de stekpartij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)