Drachtster studint docht moandei oanjefte fan diskriminaasje

27 nov 2015 - 14:37
  • Bas van der Meer

De 25-jierrige studint Bas van der Meer út Drachten docht kommende moandei oanjefte tsjin agraryske gruthannel De Boer yn syn wenplak. Van der Meer hie al in melding dien fan diskriminaasje en hat moandei in ôfspraak mei de plysje yn Drachten om de oanjefte offisjeel te meitsjen.

It kristlike bedriuw wegere him as stazjêr, om't hy iepenlik homoseksueel is. Nei't Van der Meer de ôfwizing op Facebook setten hie, waard de wegering lanlik nijs. Der wie in soad krityk op it bedriuw.

De Boer hat dernei neffens Van der Meer noch wol besocht om mei him yn kontakt te kommen, mar hy hat der gjin ferlet fan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)