Drachtster smyt mei stien en slacht bewenner

26 des 2014 - 12:03
  • Plysje

In 32-jierrige Drachtster is tongersdeitejûn oanhâlden troch de plysje op fertinking fan fernieling en mishanneling. De plysjes krige in melding fan in rûzje yn in hûs oan de Zool yn Drachten. De fertochte hie in stien tsjin in kezyn fan it hûs fan de 35-jierrige bewenner smiten. Doe't de bewenner de doar iependie, krige hy klappen fan de fertochte en rekke ferwûne yn it gesicht. De plysje hat de 32-jierrige man meinaam nei it buro. De man hie ek in mes yn 'e bûse, dat is yn beslach naam. De oarsaak fan de rûzje lei yn de relasjonele sfear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)