Drachtster slein yn kafee oan Noardkade

20 des 2014 - 11:33
  • Oanhâlding

In Drachtster (34) is freedtenacht yn in kafee oan de Noardkade yn syn wenplak troch twa mannen mishannele. It slachtoffer rekke ferwûne oan de holle. De dokter hat de wûne hechte. De fertochten, in 26-jierrige man út Dordrecht en in 24-jierrige Drachtster, binne oanhâlden. It duo sit noch fêst.

Op de Súdkade waard ek in jonge (16) út Drachten oanhâlden foar mishanneling. De jonge wurdt derfan fertocht dat hy in man (23) út de gemeente Smellingerlân mishannele hat. It gesicht fan it slachtoffer siet ûnder it bloed.

De fertochte foel sels troch in rút fan de Kringloopwinkel. Hy sit noch fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)