Drachtster slein mei ketting

03 des 2006 - 15:10

De plysje hat sneontenacht yn Drachten twa fertochten oanholden foar de mishanneling fan in 20-jierrige ynwenner fan Drachten.

De Drachtster wie op de Lysterstrjitte doe't er fan de fertochten klappen krige mei in ketting. Beide fertochten binne oerbrocht nei it plysjeburo. Ien fan de twa hat neist de mishanneling noch in rút ynslein mei in stien. By de jongste fertochte binne in ketting en in skroevedraaier oantroffen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)