Drachtster slacht befeiliger op Ruterskertier

30 maaie 2015 - 10:57

In 23-jierrige man út Drachten is yn de nacht fan freed op sneon oanhâlden, omdat hy in befeiligingsmeiwurker slein hat. Plysjeminsken wiene tsjûge fan de mishanneling op it Ruterskertier yn Ljouwert.

De fertochte is yn de boeien ôffierd. De 42-jierrige befeiliger hat oanjefte dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)