Drachtster sjit yn park mei luchtdrukwapen

18 jun 2015 - 10:16

De plysje fertinkt in ynwenner fan Drachten fan ferbean wapenbesit. Neffens tsjûgen skeat er mei in luchtdrukwapen yn in parkje oan de Gauke Boelensstrjitte yn syn wenplak. Doe't warskôge plysjes it wapen yn beslach nimme woenen, fertelde de Drachtster dat er it ferstoppe hie yn in tas ûnder in bankje. Dêr waard it wapen ek fûn, dat is meinaam nei it buro. Dat jildt ek foar de man, dy't op it buro in proses-ferbaal krige.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)