Drachtster sikehûs hat 'hert foar Fryslân'

23 mrt 2016 - 16:55
  • AED-apparaat foar hertreanimaasje

Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten ropt alle eigen meiwurkers op dy't reanimearje kinne om har oan te melden as boargerhelpferliener. Sa kinne se oproppen wurde troch de meldkeamer Noard-Nederlân, as ien in hertstilstân hat.

De oprop makket diel út fan it manifest 'Hert foar Fryslân' dat woansdei ûndertekene is troch Nij Smellinghe en de stichting Fryslân Hartveilig. It sikehûs yn Drachten hat ek al syn AED's oanmeld by it opropsysteem fan HartslagNu, sadat dy apparaten ynset wurde kinne yn gefal fan reanimaasjes.

Fryslân Hartveilig set him yn om de oerlibbingskâns by in hertstilstân te fergrutsjen. Yn Nederlân wurde alle wiken sa'n 300 minsken troffen troch in hertstilstân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)