Drachtster Preker fan it Jier

15 maaie 2006 - 17:48

De protestantse predikant Jurgen van den Herik út Drachten hat sneon de wedstryd De Preek van het Jaar 2006 wûn. De wedstriid yn de Nieuwe Kerk yn Amsterdam wie organisearre troch Trouw en de NCRV.

De sjuery fûn Van den Herik syn preek, mei as tema 'Ik en de anderen', better dan dy fan de oare fjouwer finalisten. Dêrby siet ek Sytze Ypma fan Skylge. Van den Herik gong nei hûs mei in byldsje fan keunstner Hans van Eerd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)