Drachtster pakt mei stellen fyts

18 feb 2015 - 12:42

In 29-jierrige man út Drachten is tiisdeitemiddei oanholden om't er in stellen fyts hie. De man waard betrape oan de Grietmansrecht yn syn wenplak, dêr't hy fytste. Hy ferklearre tsjin de plysje dat hy de fyts kocht hie fan in oare man. De identiteit fan dizze ferkeaper is bekend by de plysje en hy sil letter noch heard wurde. De fyts is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)